In lege skoalle. In stik grûn oan de râne fan it doarp. Jongeren dy’t graach wenjen bliuwe wolle dêr’t se opgroeid binne. Ideeën genôch yn Fryske doarpen, mar tusken in goed plan en de earste skeppe yn de grûn sit faak in wrâld fan regels, tiidsgebrek en yngewikkelde prosedueres. Bouwe Foar Fryslân besiket dêr it ferskil te meitsjen. “Wy helpe gemeenten by projekten dêr’t se gjin tiid of kapasiteit foar hawwe,” seit kertiermakker Jan Kleine.
“Dat der yn Nederlân wenningneed is, hoege wy net út te lizzen,” seit Kleine yn in online petear. “Der moatte 100.000 wenten yn it jier boud wurde. Dat is sawat alle jierren in stêd as Ljouwert derby.”
Yn De Haach leit de klam dêrby benammen op grutskalige projekten. “It Ryk hat dêr jild foar,” seit er. “Mar dan giet it faak om plannen fan minimaal 200 wenten.” Fryslân kent just in soad lytse kearnen dy’t foar de leefberens op syn minst krekt like wichtich binne, mar dêr wie oant koartlyn net folle omtinken foar.
Bouwe Foar Fryslân
It Ryk, de provinsje Fryslân en de Vereniging Friese Gemeenten (VFG) wurkje yntusken mei Bouwe Foar Fryslân gear oan it bouwen yn lytse(re) kearnen. Dit moat derfoar soargje dat ek lytsere wenningbouplannen flugger fan de grûn komme.
In lytse(re) kearn is neffens it Ryk in doarp mei 5.000 ynwenners of minder. “Foar Fryslân is dat noch altyd bêst grut, hast fjirtich persint fan de Fryske doarpen is lytser as 5.000 ynwenners,” seit Kleine.
Yn de praktyk giet it faak om lytse útwreidings, mar dat betsjut net dat dy plannen altyd hurd rinne. Yn in soad gemeenten lizze plannen dy’t op himsels logysk binne: in strjitsje derby, in ynbreiding of in âld gebou dat omboud wurde kin. Mar se bliuwe hingjen.
Net omdat der gjin wil is, mar omdat de kapasiteit ûntbrekt. Romtlike oardering, ekologysk ûndersyk, oerlis mei provinsje en Ryk, ynterne drokte op ôfdielingen. “Dan hearst by in gemeente: hjir ha we gjin tiid foar,” seit Kleine. “En dan komme wy yn byld.”
Gjin aksjegroep
Hoe’t dy help der krekt útsjocht, ferskilt per situaasje. Soms giet it om petearen dy’t fêstrinne tusken gemeente, inisjatyfnimmers en grûneigener. Yn ien doarp holp Bouwen Foar Fryslân in bewennersgroep dy’t wenten bouwe woe op grûn fan in boer. It inisjatyf lei der al, mar de petearen kamen net fierder. It team holp ûnder oare by de grûn-eksploitaasje en ôfspraken tusken partijen.
“Wy hawwe twa regels,” seit Erik Merx, projektlieder by Bouwe Foar Fryslân. “In kearn moat lytser as 5.000 ynwenners wêze én de gemeente moat efter it plan stean.” Neffens Kleine is dat wichtich. “We binne gjin aksjegroep, mar in ferlingstik fan de oerheid.”
As in doarp mei in fraach by Bouwe Foar Fryslân oankloppet, wurdt der earst sjoen oft de gemeente der ek fierder mei wol. “As de gemeente derefter stiet dan helpe wy it doarp by wat se nedich hawwe om fan idee nei realisaasje te kommen. Op dy wize binne we yn hast alle Fryske gemeenten dwaande mei in oantal plannen.”
In idee en lokaasje binne genôch
In doarp mei in idee en in potinsjele lokaasje kin de help fan Bouwe Foar Fryslân ynskeakelje. “Wy dogge net oan fisyfoarming,” seit er. “Dêr binne al partijen mei dwaande, lykas Doarpswurk. Dy kinne dêr hiel goed by helpe. Wy helpe krekt by de konkrete útfiering fan it idee.”
Dat betsjut ek dat net elts plan helber is. Dêryn is Kleine earlik: “As we tinke: begjin der net oan, sizze wy dat ek.”
De help is hielendal fergees, trochdat it Ryk ien miljoen beskikber steld hat foar Bouwe Foar Fryslân. “In gemeente hoecht net te beteljen, wy kinne fanút Bouwe Foar Fryslân minsken yn natura leverje,” seit Kleine.
Eltse wenning telt
Wenningbouplannen freegje faak in lange azem. It binne tiidslinende en bytiden taaie trajekten. “As je dat mar ien kear yn je libben dogge, is dat hiel lestich. Wy helpe sa’n inisjatyfgroep fierder,” seit Kleine. “Wy hawwe gjin foarkar foar hoe’t it moatte soe,” follet Merx oan. Dat kin mei in projektûntwikkeler, fia Collectief Particulier Opdrachtgeverschap (CPO) of in oare foarm.
Neffens Kleine giet it net allinnich om wenningen, mar ek om de fraach oft doarpen leefber bliuwe. “We wolle mear mooglik meitsje mei de kapasiteit dy’t we no ha, want elke wenning telt.” Dat is de essinsje fan Bouwe Foar Fryslân: de plannen dy’t oars op tafel lizzen bliuwe nei útfiering bringe.
‘It moat groeie’
Bouwe Foar Fryslân is yntusken goed in jier dwaande en aktyf yn hast alle Fryske gemeenten. Kleine en Merx wurkje noch folop oan de bekendheid fan de organisaasje. “It moat groeie,” seit Merx. “Gemeenten witte ús hieltyd better te finen, mar wy binne noch dwaande namme op te bouwen.”
Oan dy nammebekendheid wurdt wurke. Sa is Bouwe Foar Fryslân oanwêzich op 2 juny op de jûn fan Doarpswurk oer weninisjativen fan ûnderop. Doarpen kinne fragen stelle en der wurdt útlein hoe’t doarpen stipe krije kinne by harren wenningbouplannen.
Tagelyk jout Kleine oan dat Bouwe Foar Fryslân gjin akwisysjeapparaat foar ûntwikkelers is. “Bouwers klopje ek wolris by ús oan mei de fraach: kinne jim wat foar ús betsjutte? Wy wolle bêst mei harren sykje nei in oplossing as it oer de gearwurking mei de gemeente giet, mar wy binne der net om foar harren in bepaald produkt yn de merk te setten.”
‘Meld dy foaral’
Neffens Kleine hoecht in doarp net fuortendaliks mei in útwurke wenningbouplan oan te klopjen. Krekt plannen dy’t fêstrinne of hingjen bliuwe, binne nijsgjirrich foar Bouwe Foar Fryslân.
“As Doarpswurk ideeën tsjinkomt dy’t stûkje troch tiidkrapte of ûnkunde, meld it foaral by ús,” seit er. “Dan gean wy mei de gemeente yn petear en sjogge wy wat der wol mooglik is.”
Neffens Kleine makket it dêrby net út hokker wenfoarm keazen wurdt. “As der in goed idee leit en in gemeente meiwurkje wol, dan sjogge wy hoe’t wy helpe kinne.”
Want úteinlik begjint wenningbou yn in soad Fryske doarpen net mei grutte plannen of miljoeneprojekten, mar mei in leech stik grûn, in groep ynwenners en de fraach: wêrom soe it hjir eins net kinne?
Tekst: Hendrik Tamsma
Pleatst op: Doarpswurk.frl