Skip to content

Wy binne Bouwe Foar Fryslân

Mei-inoar bouwe oan sterke en leefbere Fryske doarpen

Fryslân bestiet út hûnderten lytse doarpen en buorskippen. Tegearre meitsje sy de provinsje sterk en leefber. Wenje yn dizze doarpen is foar in soad minsken wichtich, mar net altyd fanselssprekkend. Ek yn lytse kearnen is der in tekoart oan passende en betelbere wenningen.

Goede ideeën foar wenningbou rinne soms fêst troch regels, gebrek oan tiid of kapasiteit. Dat is skande. Bouwe Foar Fryslân helpt om inisjativen yn lytse Fryske kearnen fierder te bringen.

Wat is Bouwe Foar Fryslân?

Bouwe Foar Fryslân is it serviceteam binnen de Kleine Kernen Aanpak. Wy stypje gemeenten, doarpen en inisjatyfnimmers by wenningbou yn lytse Fryske kearnen.

Wy tinke mei, ferbine partijen en helpe om plannen helber te meitsjen. Dat dogge wy praktysk, soarchfâldich en yn goede ôfstimming mei de gemeente.

Wat kinne wy foar dy betsjutte?

Wy begjinne altyd mei in goed petear: wêr rinne je tsjinoan en wat is nedich om fierder te kommen?

Wy helpe ûnder oaren mei:

  • oplossen fan knyppunten yn wenningbouinisjativen
  • ferbinen fan partijen
  • ynsetten fan ekstra kennis of kapasiteit
  • fierder bringen fan plannen rjochting útfiering

Gemeenten bliuwe altyd regisseur. Bouwe Foar Fryslân stipet wêr nedich en slút oan by besteande prosessen.

Foar wa is Bouwe Foar Fryslân?

Bouwe Foar Fryslân is der foar:

  • gemeenten dy’t wurkje oan wenjen yn lytse kearnen
  • doarpsinisjativen mei ideeën foar wenningbou
  • oare belutsen partijen lykas wenningkorporaasjes en bouwers

Je kinne ek kontakt opnimme as in plan noch net klear is. Tegearre sjogge wy wat mooglik is.