Ein 2025 kaam gemeente De Fryske Marren by Bouwe Foar Fryslân del om’t se mear witte woe oer Parallel Plannen. Op de DOE-dei fan oktober 2025 wie harren nijsgjirrigens wekker wurden nei in koarte wurksesje oer dit ûnderwerp. Apart fan de gemeente, kaam ek de wenningkorporaasje Dynhus by ús oanklopjen oer Parallel Plannen. Perfekt, want beide operearje yn itselde gebiet. Nei ek Accolade, de oare wenningkorporaasje yn de Fryske Marren útnûge te hawwen, hiene we in moaie basis foar in produktive wurksesje.
Op 31 maart 2026 seagen we inoar yn it moaie Woudagemaal op De Lemmer. Allinne al it kofjedrinken yn ‘e iere moarn brocht resultaat, se troffen inoar! Nei in hertlik wolkom fan Jan Kleine joegen Leendert en Pieter fan Fakton in ferhelderjende presintaasje oer de 6 V’s en de basisprinsipes fan Parallel Plannen. Der wie romte foar ‘bearesjitten’, it uterjen fan obstakels en útdagingen dy’t wy seagen. Sa koene wy mei in gerêst hert oan de slach mei twa projekten dêr’t wy de gelearde techniken gelyk tapasse koene. Wy sleaten de dei ôf mei praktyske ôfspraken oer it ferfolch.
De feedback dy’t we krigen fan sawol gemeente as korporaasjes wie tige posityf. De begelieding wie goed en profesjoneel en benammen it moetsjen oangeande in ynhâldlik ûnderwerp waard wurdearre. En hoe no fierder? Dêr binne folop ideeën oer en Bouwe Foar Fryslân helpt ek hjir wer mei. It ‘dwaan’ is op it lêst dêr’t wy foar binne.
Fynst dit nijsgjirrich? Wy komme ek graach by dy del.