Projekten yn de wenningbou rinne somtiden fertraging op troch knyppunten yn de gearwurking, lange prosedueres, netkongestje en stikstof. It Expertteam Woningbouw fan de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland (RVO) helpt mei advys en praktyske help.
Alle gemeenten yn Nederlân kinne by it ekspertteam terjochte mei fragen, mar ek oare partijen lykas wenningkorporaasjes en projektûntwikkelers. As dizze partijen it Expertteam ynskeakelje, bart dat yn gearwurking mei de belutsen gemeente of provinsje.
Het Expertteam Woningbouw fan RVO
Wurkje jo as gemeente oan wenningbou? En kinne jo dêr help by brûke? It Expertteam Woningbouw fan RVO helpt jo graach fierder. Us ûnôfhinklike eksperts steane foar jo klear om projekten flot te lûken en sa by te dragen oan it fergrutsjen fan de wenningfoarried.
Help by gearwurkjen
By it bouwen fan wenningen moatte gemeenten, provinsjes, projektûntwikkelers en wenningkorporaasjes it iens wêze. It Expertteam helpt partijen dúdlike ôfspraken te meitsjen en problemen op te lossen.
Better benutte fan besteande gebouwen
Om de wenningfoarried grutter te meitsjen, is it somtiden mooglik om besteande gebouwen opnij te brûken. Dat kin bygelyks troch gebouwen in wenfunksje te jaan (transformaasje) of der ekstra ferdjippingen oan ta te heakjen (optoppen).
Ynnovative en takomstbestindige bou
Nije wizen fan bouwen meitsje it mooglik om flugger en better wenningen te meitsjen. Hawwe jo bygelyks tocht oan konseptueel of kollektyf bouwen? By it brûken fan nije metoaden is it wichtich om te sjen nei de situaasje yn it gebiet.
Ferpleatsbere wenten
Ferpleatsbere wenten helpe gau tsjin it tekoart oan wenningen. It Expertteam helpt gemeenten om mei partners flekswenten te meitsjen. Ek helpe we by it finen fan goede plakken en gebouwen, it meitsjen fan in plan en it regeljen fan jild.
Benijd nei wat it Ekspertteam foar jo betsjutte kin? Of wolle jo yn ‘e kunde komme mei ús eksperts? Lês mear oer it Expertteam Woningbouw op de webside fan RVO.