Skip to content

DOE-dei

Ut Bouwe Foar Fryslân wei (Kleine Kernen Aanpak) organisearje wy in DOE-dei. It ryk, provinsje Fryslân en de 18 Fryske gemeenten hawwe harren hantekening set ûnder de Kleine Kernen Aanpak, ôfrûne febrewaris op it wenkongres yn Ljouwert. Sûnt dy tiid is kertiermakker Jan Kleine drok dwaande mei it opsetten fan in serviceburo foar it ferhastigjen en fersimpeljen fan de wenningbou yn de lytse kearnen fan Fryslân. Hjir leit de klam op dwaan, want elke wenning telt.

Wy witte allegearre dat der sprake is fan wenningkrapte, in mismatch tusken fraach en oanbod, en in urginte opjefte foar it op ‘e nij strukturearjen en ferduorsumjen fan de besteande wenningfoarried. Tagelyk freget de Fryske kontekst, mei in soad lytse kearnen, om in oanpak dy’t past by de skaal, winsken en mooglikheden fan de regio.

Yn’e DOE-dei sille wy mei-inoar wurkje oan oplossingen. Dat dogge wy oan’e hân fan in fiktive, fersimpele kasus dy’t represintatyf is foar wat der yn in soad Fryske doarpen spilet. It doel is om troch dizze kasus mienskiplik ynsjoch te krijen yn de knyppunten én oplossingsrjochtingen foar wenningbou yn lytse kearnen. De kasus fungearret as oefenmateriaal, sadat dielnimmers mei nije ideeën, frisse perspektiven en konkrete oanknopingspunten weromgeane nei harren deistige praktyk.