Hokker (wen)stap setst hjoed?
De urginsje fan bouwen yn de lytse kearnen fan Fryslân kenne wy yntusken allegear. Ek witte wy wêr’t wy hinne wolle: genôch passende en betelbere wenten, want elke wenning telt. Mar hoe komme we dêr? Dat is krekt wêr’t de DOE-dei fan Bouwe Foar Fryslân op tongersdeitemiddei 22 oktober oer giet. Net nochris prate oer de opjefte, mar mei-inoar ûntdekke hokker stappen wy hjoed sette kinne om moarn fierder te kommen. De DOE-dei is foar wenamtners, projektlieders en managers fan alle Fryske gemeenten, de provinsje, ryk en korporaasjes.
Wy begjinne de middei mei in ynspirearjende sprekker dy’t ús yn beweging bringt. Dêrnei is it tiid om sels oan de slach te gean yn twa wurksesjes. Kies foar in sesje oer CPO’s mei Anne van der Wiel, partisipaasje mei Wilma Nabring, gearwurking mei de merk mei Yannick Bos of âldereinhúsfêsting mei Jildou de Jong. Leaver sparre oer in eigen projekt? Meld dy dan oan foar ‘Even sparren’ en gean yn petear mei kollega’s en nije kontakten út it wurkfjild.
Tegearre ûndersykje wy hokker stappen wurkje, hokker obstakels wy tsjinkomme en foaral: hokker stap asto moarn al sette kinst.
Praktsich & Opjaan
Datum: 22 oktober 2026
Tiid: 13.00 – 17.00 oere
Lokaasje: Biosintrum, Oosterwolde
Tiid: 13.00 – 17.00 oere
Lokaasje: Biosintrum, Oosterwolde
Opjaan kin oant 19 oktober fia de folgjende link: https://forms.gle/YqZEuqsnozgiHKok9
Hast in kollega foar wa’t dizze DOE-dei ek nijsgjirrich is? Stjoer de útnûging dan rêstich troch.
Hokker (wen)stap setst tongersdei 22 oktober? Wy sjogge dy graach, oant dan!