Skip to content

‘Wy bouwe net allinnich huzen, wy bouwe oan leefberens’

Ellen Masselink is ien fan de acht leden fan de Landelijke Versnellingstafel. By har petearen mei wethâlders fan gemeenten yn Noard-Nederlân ûntdutsen se in reade tried dy’t foar fersnelling soargje kin yn it bouwen fan wenningen yn lytse doarpen. Op dy wize ûntstie de Kleine Kernen Aanpak.

Wat wie foar dy it momint datst tochtst: hjir moat wat foar komme, foar dy lytse kearnen?

‘Doe’t ik begûn as lid fan de Landelijke Versnellingstafel Woningbouw en Noord-Nederlân ûnder myn hoede krige, wie de struktuer mei regionale fersnellingstafels noch yn opbou. Dus ik bin begûn mei alle wethâlders fan Grinslân, Fryslân en Drinte te besykjen en te praten. Dat wiene der nochal wat en sa bin ik fan gemeentehûs nei gemeentehûs gien om persoanlik te hearren wat der spilet.’

Wat heardest dêr?

‘Wat my opfoel, wie dat hast eltse wethâlder sei: De Haach rjochtet him op grutskalige wenningbouprojekten fan 200 wenten ôf, mar wy hawwe withoefolle lytse kearnen, doarpen, dêr’t it ferlet fan wenten ek grut is. En der binne gjin regelingen of subsydzjes dy’t dat stypje. Miskien is dêr wol te min omtinken foar. Gemeenten yn it noarden hawwe relatyf net folle amtners, dus dan kieze se út need foar de gruttere projekten. Mar elkenien seach dat dy lytse kearnen hjirtroch oan leefberens ferlieze: jongerein lûkt fuort, skoallen slute, foarsjennings ferdwine.’

Dus doe tochtst: hjir leit in opjefte?

‘Ja, elke wenning telt! En stel dy foar: Fryslân hat sa’n 700 fan dy kearnen. Ast yn elke kearn tsien wenten bouwe soest, hast it al oer 7.000 wenten. En dan draacht men direkt by oan it behâld fan sosjale gearhing, foarsjenningen en takomstperspektyf foar jongerein én âlderein. Mar dan moatte je de útfiering wol tûk organisearje.’

Wat wie dyn folgjende stap?

‘Ik bin weromgien nei dy gemeenten mei in weromkeppeling fan myn befinings. Ien dêrfan wie it ynfoljen fan it grut ferlet foar wenningbou yn lytse kearnen. Ik ha sein: as dit in opjefte is, litte wy dêr dan tegearre in oanpak foar ûntwikkelje. En dat waard de Kleine Kernen Aanpak. De provinsje Fryslân sei: wy hawwe sels te min minsken, mar wy wolle dit wol oppakke en tegearre dwaan. De provinsje hat derfoar soarge dat der in koördinearjend wethâlder, Erik de Groot fan Harns, út namme fan de Fryske gemeenten oansteld is. Mei him tegearre is it útfieringsplan opsteld.’

Wat hâldt dy oanpak konkreet yn?

‘It begjint mei DWAAN en in earste projekt. Troch in klup fan pragmatyske minsken as in kertiermakker, de koördinearjend wethâlder, iksels en meikoarten in lyts projektteam gear te stallen. We bringe op dit stuit yn kaart hokker gemeenten meidwaan wolle, hokker projekten der binne, en wat der nedich is om earste stappen sette te kinnen. Wy bouwe in ‘projektserviceburo’, mei ekspertize op it mêd fan planology, finânsjes, prosesmanagement.‘

Dus jim helpe gemeenten om projekten yn lytse kearnen fan de grûn te krijen?

‘Krekt. Want it grutste probleem is faak kapasiteit om de útfiering ta te rieden en te begelieden. Gemeenten sjogge sels ek dat der kânsen lizze, mar hawwe de minsken net om de projekten fan de grûn te krijen. Dêrneist spilet it nut fan standerdisaasje. Dêrom sizze wy: meitsje prosessen en produkten sa standert mooglik. Tink oan in set wenningtypen dêr’t út keazen wurde kin. Lit in lyts team dy prosessen útfiere, sadat se rûtine opbouwe en it hieltyd flugger giet.’

Wurdt dat dan net te folle ienheidswoarst?

‘Nee, want wy wurkje mei it prinsipe fan ‘framed freedom’. Gemeenten en bewenners kinne kieze út meardere wenningtypen en binnen dat frame kinst noch hieltyd oanpassingen dwaan benammen oan de gevel en it dak. Mar je foarkomme dat je elk projekt wer fan nul ôf ûntwerpe en bouwe litte moatte. Boppedat: de echte fariaasje sit dochs al faak yn de bûtenkant, yn stee fan de plattegrûn.’

Wat smyt dizze oanpak op foar merkpartijen en korporaasjes?

‘Foarsisberheid. En dat is krúsjaal. Ik haw sels lang yn ‘e bouwrâld wurke en wit hoe wichtich in stabile wurkfoarried is. Konseptueel bouwe leannet pas echt ast foldwaande dealflow en in sekere wissichheid hast. Dus wy wolle ek dat dizze oanpak foarsisber wurdt foar de merk. Sa snijt it mes oan alle kanten.’

Jim binne start yn Fryslân. Hoe fier binne jim ûnderwilens?

‘Yn desimber tidens de Woontop is de Kleine Kernen Aanpak in dielakkoart wurden. Dêrmei kin it yn eltse provinsje opstart wurde. Yn it Wooncorgres yn Fryslân fan dit jier hawwe wy ôfspraken fêstlein. De kertiermakker is beneamd, gemeenten melde har oan, en wy meitsje no in oersjoch fan beëage projekten. De webside is online en der is in flyer makke. Alles yn in flink tempo en dat is ek de enerzjy dy’t wy útstriele wolle. By it Friese Wooncongres siet ús workshop twa kear hielendal fol. De enerzjy is tige posityf.’

Oare regio’s sjogge ek mei, no?

‘Ja, Grinslân en Drinte wolle ek oanheakje. Limboarch en Brabân hawwe ynteresse, yn Utrecht spilet it sels ek. Myn kollega’s fan de Landelijke Versnellingstafel Woningbouw bringe it plan ek by oare provinsjes mei in soad lytse kearnen ûnder de oandacht. En dat is it moaie: it is skaalber. Wat we yn Fryslân dogge, kin je kopiearje.’

Wat binne de grutste praktyske knyppunten dêr’tst tsjinoan rinst?

‘Wy binne der noch net, hen. Wy binne no yn dy drege tuskenfaze om in begjin te meitsjen en it moaiste is in konkreet projekt. Wêr sille wy starte? En ja, aanst komme wy grif noch de nedige problemen tsjin lykas oanbestegingsregels. Mar ek dêr sjogge we nei tûke oplossingen, bygelyks troch oan te besteegjen foar meardere doarpen tagelyk. ‘

Do bist dus lid fan de Landelijke Versnellingstafel Woningbouw. Wat is dyn rol?

‘Fersnelje! Dat kin op meardere wizen. Myn krêft sit yn it yntegrearjen fan tsjinstelde belangen. Ik leau ek hillich yn gearwurking. En dan net prate, mar dwáán. Yn in ier stadium de goede minsken út ferskillende bestjoerslagen oan tafel, en dan it petear fiere: wat hasto nedich, wat binne dyn soargen? Ast dat op tafel krijst, sjochst begryp ûntstean. Dat is in wichtige kaai foar fersnelling.’

Fersnelje jim ek echt?

‘It klinkt gek, mar fersneljen kostet ynearsten tiid. It giet ek oer ynvestearjen yn opsetten fan in struktuer, jaan fan dúdlikheid, bouwe oan betrouwen en relaasjes. Watst no sjochst, is dat beliedsútgongspunten konstant feroarje. Dat soarget foar ûnwissichheid en dan doare belutsenen gjin knopen mear troch te hakjen. Dus fersnelje betsjut ek: helderheid skeppe, kaders biede, romte kreëarje. En akseptearje dat net alles in 10 hoecht te wêzen.’

Wat sjochst as grutste risiko’s yn de wenningbou-opjefte?

‘Dat wy tefolle praten bliuwe en te min útfiere. Dat belied sa yngewikkeld wurdt dat gjinien it mear snapt. En dat we alles perfekt dwaan wolle, wylst in 6 of 7 somtiden ek goed genôch is. Wy moatte werom nei eigenerskip en lef.’

En de krêft? Wêr sit dy foar dy?

‘Yn de minsken. De enerzjy dy’t ik sjoch by wethâlders, amtners, bewenners… As je tegearre wat konkreets meitsje kinne, giet it streamen. En dan kinst yn elke lytse kearn dy spiraal fan leechrin en fergrizing ombûge nei groei, fitaliteit en takomst. Dat is wêr’t wy it foar dogge.’