Achtergrûn en oanlieding
Fryslân bestiet út hûnderten lytse doarpen en buorskippen. Tegearre meitsje sy de provinsje sterk en leefber. Wenje yn dizze doarpen is foar in soad minsken wichtich, mar net altyd fanselssprekkend. Ek yn lytse kearnen is der in tekoart oan passende en betelbere wenningen.
Goede ideeën foar wenningbou rinne soms fêst troch regels, gebrek oan tiid of kapasiteit. Dat is skande. Bouwe Foar Fryslân helpt om inisjativen yn lytse Fryske kearnen fierder te bringen.
Us missy en útgongspunten
Wy tinke mei, ferbine partijen en helpe om plannen helber te meitsjen. Dat dogge wy praktysk, soarchfâldich en yn goede ôfstimming mei de gemeente.
Wat wy dyn bouprojekt biede kinne
Wy begjinne altyd mei in goed petear: wêr rinne je tsjinoan en wat is nedich om fierder te kommen?
Wy helpe ûnder oaren mei:
- oplossen fan knyppunten yn wenningbouwinisjativen
- ferbinen fan partijen.
- ynsetten fan ekstra kennis of kapasiteit
- fierder bringen fan plannen rjochting útfiering.
Gemeenten bliuwe altyd regisseur. Bouwe Foar Fryslân stipet wêr nedich en slút oan by besteande prosessen.
Bouwe Foar Fryslân
Bouwe Foar Fryslân is der foar:
- gemeenten dy’t wurkje oan wenjen yn lytse kearnen
- doarpsinisjativen mei ideeën foar wenningbou
- oare belutsen partijen lykas wenningkorporaasjes en bouwers
Je kinne ek kontakt opnimme as in plan noch net klear is. Tegearre sjogge wy wat mooglik is.
It team
Wy binne in lyts team mei brede stipe yn de provinsje. Dêrtroch kinne we in soad betsjutte, wylst we ek rap skeakelje kinne en effisjint wurkje.