{"id":862,"date":"2026-06-02T12:26:01","date_gmt":"2026-06-02T12:26:01","guid":{"rendered":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/"},"modified":"2026-06-07T12:07:14","modified_gmt":"2026-06-07T12:07:14","slug":"plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/","title":{"rendered":"Plannen gen\u00f4ch yn Fryske doarpen, mar wa bringt se fierder?"},"content":{"rendered":"<section class=\"simple-content prose-content\">\n    <p>In lege skoalle. In stik gr\u00fbn oan de r\u00e2ne fan it doarp. Jongeren dy&#8217;t graach wenjen bliuwe wolle d\u00ear&#8217;t se opgroeid binne. Idee\u00ebn gen\u00f4ch yn Fryske doarpen, mar tusken in goed plan en de earste skeppe yn de gr\u00fbn sit faak in wr\u00e2ld fan regels, tiidsgebrek en yngewikkelde prosedueres. Bouwe Foar Frysl\u00e2n besiket d\u00ear it ferskil te meitsjen. &#8220;Wy helpe gemeenten by projekten d\u00ear&#8217;t se gjin tiid of kapasiteit foar hawwe,\u201d seit kertiermakker Jan Kleine.<\/p>\n<p>\u201cDat der yn Nederl\u00e2n wenningneed is, hoege wy net \u00fat te lizzen,\u201d seit Kleine yn in online petear. &#8220;Der moatte 100.000 wenten yn it jier boud wurde. Dat is sawat alle jierren in st\u00ead as Ljouwert derby.&#8221; <\/p>\n<p>Yn De Haach leit de klam d\u00earby benammen op grutskalige projekten. &#8220;It Ryk hat d\u00ear jild foar,\u201d seit er. &#8220;Mar dan giet it faak om plannen fan minimaal 200 wenten.\u201d Frysl\u00e2n kent just in soad lytse kearnen dy\u2019t foar de leefberens op syn minst krekt like wichtich binne, mar d\u00ear wie oant koartlyn net folle omtinken foar.   <\/p>\n<p><strong>Bouwe Foar Frysl\u00e2n <\/strong><\/p>\n<p>It Ryk, de provinsje Frysl\u00e2n en de Vereniging Friese Gemeenten (VFG) wurkje yntusken mei Bouwe Foar Frysl\u00e2n gear oan it bouwen yn lytse(re) kearnen. Dit moat derfoar soargje dat ek lytsere wenningbouplannen flugger fan de gr\u00fbn komme. <\/p>\n<p>In lytse(re) kearn is neffens it Ryk in doarp mei 5.000 ynwenners of minder. \u201cFoar Frysl\u00e2n is dat noch altyd b\u00east grut, hast fjirtich persint fan de Fryske doarpen is lytser as 5.000 ynwenners,\u201d seit Kleine. <\/p>\n<p>Yn de praktyk giet it faak om lytse \u00fatwreidings, mar dat betsjut net dat dy plannen altyd hurd rinne. Yn in soad gemeenten lizze plannen dy\u2019t op himsels logysk binne: in strjitsje derby, in ynbreiding of in \u00e2ld gebou dat omboud wurde kin. Mar se bliuwe hingjen.  <\/p>\n<p>Net omdat der gjin wil is, mar omdat de kapasiteit \u00fbntbrekt. Romtlike oardering, ekologysk \u00fbndersyk, oerlis mei provinsje en Ryk, ynterne drokte op \u00f4fdielingen. &#8220;Dan hearst by in gemeente: hjir ha we gjin tiid foar,\u201d seit Kleine. \u201cEn dan komme wy yn byld.\u201d   <\/p>\n<p><strong>Gjin aksjegroep <\/strong><\/p>\n<p>Hoe&#8217;t dy help der krekt \u00fatsjocht, ferskilt per situaasje. Soms giet it om petearen dy&#8217;t f\u00eastrinne tusken gemeente, inisjatyfnimmers en gr\u00fbneigener. Yn ien doarp holp Bouwen Foar Frysl\u00e2n in bewennersgroep dy&#8217;t wenten bouwe woe op gr\u00fbn fan in boer. It inisjatyf lei der al, mar de petearen kamen net fierder. It team holp \u00fbnder oare by de gr\u00fbn-eksploitaasje en \u00f4fspraken tusken partijen.    <\/p>\n<p>&#8220;Wy hawwe twa regels,&#8221; seit Erik Merx, projektlieder by Bouwe Foar Frysl\u00e2n. &#8220;In kearn moat lytser as 5.000 ynwenners w\u00eaze \u00e9n de gemeente moat efter it plan stean.&#8221; Neffens Kleine is dat wichtich. &#8220;We binne gjin aksjegroep, mar in ferlingstik fan de oerheid.\u201d   <\/p>\n<p>As in doarp mei in fraach by Bouwe Foar Frysl\u00e2n oankloppet, wurdt der earst sjoen oft de gemeente der ek fierder mei wol. \u201cAs de gemeente derefter stiet dan helpe wy it doarp by wat se nedich hawwe om fan idee nei realisaasje te kommen. Op dy wize binne we yn hast alle Fryske gemeenten dwaande mei in oantal plannen.&#8221; <\/p>\n<p><strong>In idee en lokaasje binne gen\u00f4ch <\/strong><\/p>\n<p>In doarp mei in idee en in potinsjele lokaasje kin de help fan Bouwe Foar Frysl\u00e2n ynskeakelje. &#8220;Wy dogge net oan fisyfoarming,\u201d seit er. &#8220;D\u00ear binne al partijen mei dwaande, lykas Doarpswurk. Dy kinne d\u00ear hiel goed by helpe. Wy helpe krekt by de konkrete \u00fatfiering fan it idee.\u201d  <\/p>\n<p>Dat betsjut ek dat net elts plan helber is. D\u00earyn is Kleine earlik: \u201cAs we tinke: begjin der net oan, sizze wy dat ek.\u201d <\/p>\n<p>De help is hielendal fergees, trochdat it Ryk ien miljoen beskikber steld hat foar Bouwe Foar Frysl\u00e2n. \u201cIn gemeente hoecht net te beteljen, wy kinne fan\u00fat Bouwe Foar Frysl\u00e2n minsken yn natura leverje,\u201d seit Kleine. <\/p>\n<p><strong>Eltse wenning telt <\/strong><\/p>\n<p>Wenningbouplannen freegje faak in lange azem. It binne tiidslinende en bytiden taaie trajekten. &#8220;As je dat mar ien kear yn je libben dogge, is dat hiel lestich. Wy helpe sa\u2019n inisjatyfgroep fierder,\u201d seit Kleine. &#8220;Wy hawwe gjin foarkar foar hoe&#8217;t it moatte soe,\u201d follet Merx oan. Dat kin mei in projekt\u00fbntwikkeler, fia Collectief Particulier Opdrachtgeverschap (CPO) of in oare foarm.    <\/p>\n<p>Neffens Kleine giet it net allinnich om wenningen, mar ek om de fraach oft doarpen leefber bliuwe. &#8220;We wolle mear mooglik meitsje mei de kapasiteit dy&#8217;t we no ha, want elke wenning telt.\u201d Dat is de essinsje fan Bouwe Foar Frysl\u00e2n: de plannen dy\u2019t oars op tafel lizzen bliuwe nei \u00fatfiering bringe.  <\/p>\n<p><strong>\u2018It moat groeie\u2019 <\/strong><\/p>\n<p>Bouwe Foar Frysl\u00e2n is yntusken goed in jier dwaande en aktyf yn hast alle Fryske gemeenten. Kleine en Merx wurkje noch folop oan de bekendheid fan de organisaasje. \u201cIt moat groeie,\u201d seit Merx. \u201cGemeenten witte \u00fas hieltyd better te finen, mar wy binne noch dwaande namme op te bouwen.\u201d   <\/p>\n<p>Oan dy nammebekendheid wurdt wurke. Sa is Bouwe Foar Frysl\u00e2n oanw\u00eazich op 2 juny op de j\u00fbn fan Doarpswurk oer weninisjativen fan \u00fbnderop. Doarpen kinne fragen stelle en der wurdt \u00fatlein hoe&#8217;t doarpen stipe krije kinne by harren wenningbouplannen.  <\/p>\n<p>Tagelyk jout Kleine oan dat Bouwe Foar Frysl\u00e2n gjin akwisysjeapparaat foar \u00fbntwikkelers is. &#8220;Bouwers klopje ek wolris by \u00fas oan mei de fraach: kinne jim wat foar \u00fas betsjutte? Wy wolle b\u00east mei harren sykje nei in oplossing as it oer de gearwurking mei de gemeente giet, mar wy binne der net om foar harren in bepaald produkt yn de merk te setten.\u201d <\/p>\n<p><strong>\u2018Meld dy foaral\u2019 <\/strong><\/p>\n<p>Neffens Kleine hoecht in doarp net fuortendaliks mei in \u00fatwurke wenningbouplan oan te klopjen. Krekt plannen dy&#8217;t f\u00eastrinne of hingjen bliuwe, binne nijsgjirrich foar Bouwe Foar Frysl\u00e2n. <\/p>\n<p>\u201cAs Doarpswurk idee\u00ebn tsjinkomt dy\u2019t st\u00fbkje troch tiidkrapte of \u00fbnkunde, meld it foaral by \u00fas,\u201d seit er. &#8220;Dan gean wy mei de gemeente yn petear en sjogge wy wat der wol mooglik is.\u201d <\/p>\n<p>Neffens Kleine makket it d\u00earby net \u00fat hokker wenfoarm keazen wurdt. \u201cAs der in goed idee leit en in gemeente meiwurkje wol, dan sjogge wy hoe\u2019t wy helpe kinne.\u201d <\/p>\n<p>Want \u00fateinlik begjint wenningbou yn in soad Fryske doarpen net mei grutte plannen of miljoeneprojekten, mar mei in leech stik gr\u00fbn, in groep ynwenners en de fraach: w\u00earom soe it hjir eins net kinne?<\/p>\n<p>Tekst: Hendrik Tamsma<\/p>\n<p>Pleatst op: <a href=\"https:\/\/www.doarpswurk.frl\/plannen-genoeg-in-friese-dorpen-maar-wie-brengt-ze-verder\/\">Doarpswurk.frl<\/a><\/p>\n\n  <\/section>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"","protected":false},"author":3,"featured_media":644,"comment_status":"open","ping_status":"open","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"_acf_changed":false,"footnotes":""},"categories":[1],"tags":[],"highlighted":[],"class_list":["post-862","post","type-post","status-publish","format-standard","has-post-thumbnail","hentry","category-niet-gecategoriseerd"],"acf":[],"yoast_head":"<!-- This site is optimized with the Yoast SEO plugin v27.2 - https:\/\/yoast.com\/product\/yoast-seo-wordpress\/ -->\n<title>Plannen gen\u00f4ch yn Fryske doarpen, mar wa bringt se fierder? - Bouwe Foar Fryslan<\/title>\n<meta name=\"robots\" content=\"index, follow, max-snippet:-1, max-image-preview:large, max-video-preview:-1\" \/>\n<link rel=\"canonical\" href=\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/\" \/>\n<meta property=\"og:locale\" content=\"fy_NL\" \/>\n<meta property=\"og:type\" content=\"article\" \/>\n<meta property=\"og:title\" content=\"Plannen gen\u00f4ch yn Fryske doarpen, mar wa bringt se fierder? - Bouwe Foar Fryslan\" \/>\n<meta property=\"og:url\" content=\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/\" \/>\n<meta property=\"og:site_name\" content=\"Bouwe Foar Fryslan\" \/>\n<meta property=\"article:published_time\" content=\"2026-06-02T12:26:01+00:00\" \/>\n<meta property=\"article:modified_time\" content=\"2026-06-07T12:07:14+00:00\" \/>\n<meta property=\"og:image\" content=\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/04\/Bouw_Foar_Fryslan-8.jpg\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:width\" content=\"2000\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:height\" content=\"1333\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:type\" content=\"image\/jpeg\" \/>\n<meta name=\"author\" content=\"BFF\" \/>\n<meta name=\"twitter:card\" content=\"summary_large_image\" \/>\n<meta name=\"twitter:label1\" content=\"Written by\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data1\" content=\"BFF\" \/>\n<script type=\"application\/ld+json\" class=\"yoast-schema-graph\">{\"@context\":\"https:\/\/schema.org\",\"@graph\":[{\"@type\":\"Article\",\"@id\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/#article\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/\"},\"author\":{\"name\":\"BFF\",\"@id\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/#\/schema\/person\/d0d488af500c0b9d47f26b6e1ab85cb3\"},\"headline\":\"Plannen gen\u00f4ch yn Fryske doarpen, mar wa bringt se fierder?\",\"datePublished\":\"2026-06-02T12:26:01+00:00\",\"dateModified\":\"2026-06-07T12:07:14+00:00\",\"mainEntityOfPage\":{\"@id\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/\"},\"wordCount\":11,\"commentCount\":0,\"publisher\":{\"@id\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/#organization\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/#primaryimage\"},\"thumbnailUrl\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/04\/Bouw_Foar_Fryslan-8.jpg\",\"articleSection\":[\"Niet-gecategoriseerd\"],\"inLanguage\":\"fy-NL\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"CommentAction\",\"name\":\"Comment\",\"target\":[\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/#respond\"]}]},{\"@type\":\"WebPage\",\"@id\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/\",\"url\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/\",\"name\":\"Plannen gen\u00f4ch yn Fryske doarpen, mar wa bringt se fierder? - Bouwe Foar Fryslan\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/#website\"},\"primaryImageOfPage\":{\"@id\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/#primaryimage\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/#primaryimage\"},\"thumbnailUrl\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/04\/Bouw_Foar_Fryslan-8.jpg\",\"datePublished\":\"2026-06-02T12:26:01+00:00\",\"dateModified\":\"2026-06-07T12:07:14+00:00\",\"breadcrumb\":{\"@id\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/#breadcrumb\"},\"inLanguage\":\"fy-NL\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"ReadAction\",\"target\":[\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/\"]}]},{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"fy-NL\",\"@id\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/#primaryimage\",\"url\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/04\/Bouw_Foar_Fryslan-8.jpg\",\"contentUrl\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/04\/Bouw_Foar_Fryslan-8.jpg\",\"width\":2000,\"height\":1333},{\"@type\":\"BreadcrumbList\",\"@id\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/#breadcrumb\",\"itemListElement\":[{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":1,\"name\":\"Home\",\"item\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":2,\"name\":\"Plannen gen\u00f4ch yn Fryske doarpen, mar wa bringt se fierder?\"}]},{\"@type\":\"WebSite\",\"@id\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/#website\",\"url\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/\",\"name\":\"Bouwe Foar Fryslan\",\"description\":\"\",\"publisher\":{\"@id\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/#organization\"},\"potentialAction\":[{\"@type\":\"SearchAction\",\"target\":{\"@type\":\"EntryPoint\",\"urlTemplate\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/?s={search_term_string}\"},\"query-input\":{\"@type\":\"PropertyValueSpecification\",\"valueRequired\":true,\"valueName\":\"search_term_string\"}}],\"inLanguage\":\"fy-NL\"},{\"@type\":\"Organization\",\"@id\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/#organization\",\"name\":\"Bouwe Foar Fryslan\",\"url\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/\",\"logo\":{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"fy-NL\",\"@id\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/#\/schema\/logo\/image\/\",\"url\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/03\/cropped-cropped-favico.png\",\"contentUrl\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/03\/cropped-cropped-favico.png\",\"width\":512,\"height\":512,\"caption\":\"Bouwe Foar Fryslan\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/#\/schema\/logo\/image\/\"}},{\"@type\":\"Person\",\"@id\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/#\/schema\/person\/d0d488af500c0b9d47f26b6e1ab85cb3\",\"name\":\"BFF\",\"image\":{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"fy-NL\",\"@id\":\"https:\/\/secure.gravatar.com\/avatar\/9d8e0fe834a5cffa86ef52af78f50d64113498cca97b7e172b66efd0ad608204?s=96&d=mm&r=g\",\"url\":\"https:\/\/secure.gravatar.com\/avatar\/9d8e0fe834a5cffa86ef52af78f50d64113498cca97b7e172b66efd0ad608204?s=96&d=mm&r=g\",\"contentUrl\":\"https:\/\/secure.gravatar.com\/avatar\/9d8e0fe834a5cffa86ef52af78f50d64113498cca97b7e172b66efd0ad608204?s=96&d=mm&r=g\",\"caption\":\"BFF\"},\"url\":\"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/author\/bff\/\"}]}<\/script>\n<!-- \/ Yoast SEO plugin. -->","yoast_head_json":{"title":"Plannen gen\u00f4ch yn Fryske doarpen, mar wa bringt se fierder? - Bouwe Foar Fryslan","robots":{"index":"index","follow":"follow","max-snippet":"max-snippet:-1","max-image-preview":"max-image-preview:large","max-video-preview":"max-video-preview:-1"},"canonical":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/","og_locale":"fy_NL","og_type":"article","og_title":"Plannen gen\u00f4ch yn Fryske doarpen, mar wa bringt se fierder? - Bouwe Foar Fryslan","og_url":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/","og_site_name":"Bouwe Foar Fryslan","article_published_time":"2026-06-02T12:26:01+00:00","article_modified_time":"2026-06-07T12:07:14+00:00","og_image":[{"width":2000,"height":1333,"url":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/04\/Bouw_Foar_Fryslan-8.jpg","type":"image\/jpeg"}],"author":"BFF","twitter_card":"summary_large_image","twitter_misc":{"Written by":"BFF"},"schema":{"@context":"https:\/\/schema.org","@graph":[{"@type":"Article","@id":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/#article","isPartOf":{"@id":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/"},"author":{"name":"BFF","@id":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/#\/schema\/person\/d0d488af500c0b9d47f26b6e1ab85cb3"},"headline":"Plannen gen\u00f4ch yn Fryske doarpen, mar wa bringt se fierder?","datePublished":"2026-06-02T12:26:01+00:00","dateModified":"2026-06-07T12:07:14+00:00","mainEntityOfPage":{"@id":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/"},"wordCount":11,"commentCount":0,"publisher":{"@id":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/#organization"},"image":{"@id":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/#primaryimage"},"thumbnailUrl":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/04\/Bouw_Foar_Fryslan-8.jpg","articleSection":["Niet-gecategoriseerd"],"inLanguage":"fy-NL","potentialAction":[{"@type":"CommentAction","name":"Comment","target":["https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/#respond"]}]},{"@type":"WebPage","@id":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/","url":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/","name":"Plannen gen\u00f4ch yn Fryske doarpen, mar wa bringt se fierder? - Bouwe Foar Fryslan","isPartOf":{"@id":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/#website"},"primaryImageOfPage":{"@id":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/#primaryimage"},"image":{"@id":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/#primaryimage"},"thumbnailUrl":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/04\/Bouw_Foar_Fryslan-8.jpg","datePublished":"2026-06-02T12:26:01+00:00","dateModified":"2026-06-07T12:07:14+00:00","breadcrumb":{"@id":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/#breadcrumb"},"inLanguage":"fy-NL","potentialAction":[{"@type":"ReadAction","target":["https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/"]}]},{"@type":"ImageObject","inLanguage":"fy-NL","@id":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/#primaryimage","url":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/04\/Bouw_Foar_Fryslan-8.jpg","contentUrl":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/04\/Bouw_Foar_Fryslan-8.jpg","width":2000,"height":1333},{"@type":"BreadcrumbList","@id":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/plannen-genoch-yn-fryske-doarpen-mar-wa-bringt-se-fierder\/#breadcrumb","itemListElement":[{"@type":"ListItem","position":1,"name":"Home","item":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/"},{"@type":"ListItem","position":2,"name":"Plannen gen\u00f4ch yn Fryske doarpen, mar wa bringt se fierder?"}]},{"@type":"WebSite","@id":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/#website","url":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/","name":"Bouwe Foar Fryslan","description":"","publisher":{"@id":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/#organization"},"potentialAction":[{"@type":"SearchAction","target":{"@type":"EntryPoint","urlTemplate":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/?s={search_term_string}"},"query-input":{"@type":"PropertyValueSpecification","valueRequired":true,"valueName":"search_term_string"}}],"inLanguage":"fy-NL"},{"@type":"Organization","@id":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/#organization","name":"Bouwe Foar Fryslan","url":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/","logo":{"@type":"ImageObject","inLanguage":"fy-NL","@id":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/#\/schema\/logo\/image\/","url":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/03\/cropped-cropped-favico.png","contentUrl":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/03\/cropped-cropped-favico.png","width":512,"height":512,"caption":"Bouwe Foar Fryslan"},"image":{"@id":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/#\/schema\/logo\/image\/"}},{"@type":"Person","@id":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/#\/schema\/person\/d0d488af500c0b9d47f26b6e1ab85cb3","name":"BFF","image":{"@type":"ImageObject","inLanguage":"fy-NL","@id":"https:\/\/secure.gravatar.com\/avatar\/9d8e0fe834a5cffa86ef52af78f50d64113498cca97b7e172b66efd0ad608204?s=96&d=mm&r=g","url":"https:\/\/secure.gravatar.com\/avatar\/9d8e0fe834a5cffa86ef52af78f50d64113498cca97b7e172b66efd0ad608204?s=96&d=mm&r=g","contentUrl":"https:\/\/secure.gravatar.com\/avatar\/9d8e0fe834a5cffa86ef52af78f50d64113498cca97b7e172b66efd0ad608204?s=96&d=mm&r=g","caption":"BFF"},"url":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/author\/bff\/"}]}},"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/862","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/wp-json\/wp\/v2\/users\/3"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=862"}],"version-history":[{"count":1,"href":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/862\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":863,"href":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/862\/revisions\/863"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/wp-json\/wp\/v2\/media\/644"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=862"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=862"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=862"},{"taxonomy":"highlighted","embeddable":true,"href":"https:\/\/bouwefoarfryslan.nl\/fy-nl\/wp-json\/wp\/v2\/highlighted?post=862"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}